IFKS giet út fan kampioenskippen, mei coronabokaal as alternatyf

It bestjoer fan de IFKS giet derfan út dat de kampioenskippen begjin augustus gewoan trochgean kinne. Om der hielendal wis fan te wêzen moat it bestjoer dúdlikheid krije fan de Veiligheidsregio Fryslân en de gemeenten, mar dy kinne dat op it stuit net jaan.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Earder al seine de skûtsjeskippers fan de SKS dat ek sy ferwachtsje dat der dit jier in kampioenskip syld wurdt. Hoe't dat der krekt út komt te sjen, is noch de fraach.
Dat de Veiligheidsregio en de gemeenten op it stuit noch gjin dúdlikheid jaan kinne, dat begrypt de IFKS. It bestjoer wol wol alfêst útsykje wat de mooglikheden foar in alternatyf binne. Sa'n alternatyf soe dan binnen de maatregels passe moatte sa't dy begjin augustus jilde.
Skûtsjes kinne har noch oant 1 april ynskriuwe om mei te dwaan oan de IFKS-kampioenskippen. Op it stuit ha sa'n 50 skûtsjes har oanmeld.
As de reguliere IFKS-kampioenskippen net trochgean kinne mar in alternatyf wol, dan jildt dat alternatyf net as offisjeel kampioenskip. De skûtsjes stride dan om in spesjale coronabokaal. Se kinne net promovearje of degradearje. As der in alternatyf komt, moatte de skûtsjes har wol opnij ynskriuwe.