De Fryske Marren leit T-Mobile twangsom op foar stjoermêst by Spannenburch

It kolleezje fan De Fryske Marren leit in twangsom op oan T-Mobile fanwegen in stjoermêst dy't by de buorskip Spannenburch stiet. Dy mêst is koartlyn pleatst sûnder fergunning en moat dêrom fuorthelle wurde. It kolleezje hat wol sjoen oft it mooglik is om de situaasje noch legaal te meitsjen. Mar de bekende hege toer fan Spannenburch is de bêste lokaasje foar it oanbringen fan stjoermêsten, dêrom giet it kolleezje net akkoart mei de nije stjoermêst.

It busstasjon yn Spannenburch op argyfbyld © Shutterstock.com (Travel Telly)

T-Mobile hat oanjûn dat sy de mêst tydlik pleatst hawwe as oerbrêging nei in nije stjoermêst yn Sleat. Mar dat is neffens it kolleezje net reden genôch om de yllegale situaasje bestean te litten.

As de mêst net binnen trije wiken fuorthelle is, moat T-Mobile 2.000 euro de wike betelje, oant in maksimum fan 30.000.