Studinte Janneke Haarsma wrakselet mei lockdown: "De dagen binne hiel saai"

Studinten hawwe it hieltyd dreger yn tiden fan corona. De lockdown hat hiel grutte gefolgen foar harren stúdzje en libben. Al mear as in jier leit it studintelibben sa goed as stil. Kolleezjes binne der al moannen net mear en ek de bykommende aktiviteiten en sosjale kontakten binne beheind ta it minimum. Dat jildt ek foar Friezinne Janneke Haarsma, studinte taalwittenskippen yn Utrecht.
Janneke Haarsma oer de lockdown
Elkenien hat it fansels dreech mei de maatregels en ûndernimmers hawwe it swier. Mar dizze grutte groep jonge minsken fielt him opsletten en fynt it hieltyd dreger om perspektyf te sjen.
Haarsma is 21 jier en sit yn it twadde jier fan har stúdzje. Yn dy twa stúdzjejierren hat se allinnich it earste healjier gewoan ûnderwiis hân. Dêrnei gie de universiteit foar in part ticht en letter hielendal. It hat effekt op har gemoed en se fynt, lykas in soad oare studinten, dat se te min sjoen wurde. "Ik sjoch al net iens mear nei de parsekonferinsjes fan Rutte. We wurde noait neamd", seit Haarsma.
Op 2 maart skreau se har ferhaal op Facebook. Se moast foar it earst nei moannen wer op de fyts nei de universiteit foar in tentamen. Se rekke ynienen yn panyk.
In stikje fan har ferhaal op Facebook:
"Vergeet de studenten niet
Alles oké? Ja, hoor en met jou? Ja, ook wel oké. Opzich.
Dit gesprek voerde ik vorige week net voor een fysiek tentamen. En hoewel iedereen aan mijn rood bevlekte gezicht had kunnen zien dat het niet zo oké ging, hield ik vol dat er niks aan de hand was. Maar dat was niet waar, net daarvoor, onderweg naar de Universiteit, kreeg ik opeens een paniekaanval, op de fiets, midden in de stad."
Haarsma twivele oft se der in ferhaal oer meitsje soe. Se skreau it úteinlik wol, om in oprop te dwaan om de studinten net te ferjitten. Har ferhaal is yntusken in lytse seishûndert kear dield en der binne hûnderten reaksjes op kaam. Herkenning fan oare studinten en stipereaksjes.

Hieltyd swierder

It docht har goed dat it ferhaal sa faak dield is en der sa'n soad reaksje op kaam is, mar úteinlik is der mar ien winsk: dat de universiteiten de doarren wer iepenje. Neffens Haarsma binne der genôch mooglikheden om it kreatyf yn te foljen. Mei it brûken fan gruttere romtes en it jaan fan foar in part online en foar in part fysyk ûnderwiis.
As it folle langer sa trochgiet, sille in soad studinten ôfheakje, tinkt se. Se heart ek om har hinne dat behoarlik wat studinten yn 'e lytse loege sitte. Sels hâldt se it noch wol efkes fol, mar it falt wol hieltyd swierder. De dagen binne eins altyd itselde. "Moarns iepenje ik de laptop, folgje kolleezjes fia it skerm en dêrnei klap ik it skerm wer ticht. De dagen binne hiel saai."
Janneke Haarsma © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Gelokkich wennet se sûnt in skoftke mei twa oare studinten yn in appartemint, mar foar de minsken dy't allinnich wenje, is it neffens har noch folle swierder. Sels hâldt se har behoarlik oan alle maatregels, mar se begrypt hiel goed dat der ek studinten binne dy't dat net mear slagget.
Stel dy ek foar, do wennest yn in prachtige stêd mei moaie terraskes, mar do hast der eins nea sitten. Doe't Janneke twa jier lyn, ek yn maart, op de iepen dei fan de universiteit wie, makke se in foto op sa'n terraske. Fol dreamen oer har nije libben. We binne yntusken twa maarten fierder, mar dy terraskes bliuwe leech. "Dat is ien fan de earste dingen dy't ik graach wer dwaan wol. Efkes op sa'n terraske sitte. Mar it wichtichste is dat ik wer nei de universiteit kin."
Janneke Haarsma
It ferhaal fan Janneke Haarsma sit snein ek yn Buro de Vries. Dat radioprogramma wurdt alle sneinen útstjoerd fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns kinst it programma nochris beharkje om 21.00 oere.