Plysje makket ein oan yllegaal feest yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat freedtejûn in ein makke oan in yllegaal feest yn in loads oan de Marshallwei yn de stêd. De plysje krige der tsjin alven in tip oer. Doe't se by de loads kamen, besochten feestgongers de doar ticht te hâlden.
© Omrop Fryslân
De plysje forsearre de doar om deryn te kommen. Doe die bliken dat der sa'n tweintich minsken oan it feesten wiene. De plysje makke in ein oan it feest en joech de organisator en de feestgongers allegear proses-ferbaal.