Ferset tsjin ynfiering Fryske plaknammen: "Kombuorden oanpasse kostet ûnnedich soad jild"

De doarpen Warfstermûne, De Pomp, Boerum en Muntsjesyl ha in brief stjoerd oan de gemeente Noardeast-Fryslân. De fjouwer doarpen fine dat it in ûnnedich soad jild kostet om allinnich de Fryske plaknammen op it komboerd te setten. Yn septimber besleat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân unanym om de Fryske plaknammen fan de eardere gemeenten Dongeradiel en Kollumerlân offisjeel yn te fieren. Ferwerderadiel brûkte dy al.
Kollumerpomp © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
It is foar it earst yn alve jier dat in gemeente yn Fryslân keazen hat foar it ynfieren fan Fryske plaknammen. Noardeast-Fryslân is in weryndielingsgemeente dy't yn 2019 ûntstie út de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Allinnich dy lêste brûkte al de offisjele Fryske plaknammen.
"Het geld kan in deze tijd wel anders gebruikt worden, lijkt mij", seit foarsitter Jan-Teunis Zuidema fan pleatslik belang Muntsjesyl. "Laat het gewoon zoals het nu is." Dat betsjut, de Nederlânske plaknamme boppe de Fryske.
"Voor onze dorpen zijn wij het er niet mee eens dat de plaatsnaam veranderd wordt. Ook de manier waarop, zijn wij het helemaal niet mee eens. Alleen moet je wel aantonen (by de gemeente, red.) dat minimaal het halve dorp tegen de naamsverandering in het Fries is." Dêrneist krije neffens Zuidema de doarpen dêrtroch allegearre wer ekstra wurk derby. "En daar zitten wij met zijn allen helemaal niet op te wachten."
Dat ekstra wurk komt ûnder oare, omdat de gemeente neffens Zuidema net oerlein hat mei de doarpen, mar it samar besletten hat.
Foarsitter Jan-Teunis Zuidema fan pleatslik belang Muntsjesyl