Arriva rydt nei snein mei mear bussen fanwege ferromming coronaregels

Ferfiersbedriuw Arriva rydt fan snein 21 maart ôf wer mei mear bussen yn Fryslân. Dat is wer nedich om't it tal reizgers tanimt neidat guon coronamaatregels ferromme binne. Minsken kinne sels sjen om wat foar buslinen en ritten it giet. Dat is werom te finen yn de reisplanner fan Arriva.
It busstasjon fan Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Arriva jout oan dat sy besykje om de tsjinstregeling en de ynset fan materieel 'meibeweegje' te litten mei de coronamaatregels.