Brabanner krijt wurkstraf foar himpkwekerij yn Raard

In 39-jierrige man út Oosterhout (Noard-Brabân) is freed feroardiele ta in wurkstraf fan 180 oeren omdat er belutsen wie by in himpkwekerij yn Raard. De man moat ek 50.000 euro oan krimineel fertsjinne jild werombetelje.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De plysje fûn yn 2017 1482 himpplanten yn in buorkerij yn Raard. Neffens de rjochtbank wie de plantaazje 'profesjoneel opsetten'.
It Iepenbier Ministearje tocht dat in oare fertochte, in 40-jierrige frou út it Brabânske Teteringen, de buorkerij kocht hie om der in plantaazje yn te meitsjen. Sy waard twa wike ferlyn lykwols frijsprutsen.
In oare fertochte moat letter noch yn de rjochtbank ferskine.