Surhústerfeanster yn sikehûs ferstoarn nei ûngelok op A7

In 86-jierrige man fan Surhústerfean is yn it sikehûs ferstoarn oan syn ferwûnings, nei't er woansdei swier ferwûne rekke by in auto-ûngelok. Op de A7 by Nuis barde in swier ûngelok doe't in spûkrider frontaal op tsjinlizzers botste.
© Noordernieuws/De Vries Media
By it ûngelok rekke ek in 36-jierrige man fan Dantumadiel swier ferwûne. In ûnbekend tal oare minsken rekke licht ferwûne.