Noardeastlike gemeenten wolle tûzenen wenten bouwe foar Lelyline

De noardeastlike gemeenten fan Fryslân tinke dat se de kommende jierren tûzenen wenten bouwe kinne. Dat litte se de provinsje witte, yn reaksje op fragen oer oft de gemeenten bydrage kinne yn it Deltaplan foar it Noarden.
© ANP
Gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel sizze dat se tûzenen wenten bouwe kinne, mar wolle foaral ek nei kwaliteit sjen, sa skriuwe se. "Onze ambitie ligt niet puur op het toevoegen van kwantiteit. Bij de ontwikkelingen in de woningbouw staat voor ons de kwaliteit voorop."

100.000 wenten

De provinsje hat Fryske gemeenten frege om oan te jaan oft sy bydrage kinne yn it Deltaplan foar it Noarden. Mei dat plan moatte as kompensaasje foar de Lelyline in grut tal wenten boud wurde yn de provinsje.
Earder seine de súdeastlike gemeenten al dat se sa'n tritichtûzen wenten bouwe wolle en Ljouwert ferwachtet fiif- oant tsientûzen nije huzen del te setten. Der moat yn it gebiet by de Lelyline romte fûn wurde foar sa'n hûnderttûzen nije wenten.