Elts gefal 40 Friezen slachtoffer fan datalek by GGD

Elts gefal fjirtich Friezen binne slachtoffer wurden fan it datalek by de GGD earder dit jier. Se binne dêr mei in brief fan op de hichte brocht. Lanlik waarden de persoansgegevens fan elts gefal tûzen Nederlanners stellen.
© Shutterstock
Troch flaters yn de software dy't de GGD'en brûke, hiene meiwurkers tagong ta persoansgegevens fan minsken dy't in coronatest krigen by in GGD-lokaasje. Neist saken as de namme en it adres wie ek it boargerservicenûmer (BSN) yn te sjen.
De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak en hat oant no ta sa'n tûzen slachtoffers fûn. Oft de gegevens ek ferkocht binne, is noch net dúdlik.