It reidsnijen stiet ûnder druk: Elzinga's pleitsje foar provinsjale subsydzje

It ambacht fan it reidsnijen stiet ûnder druk yn Fryslân. Eigeners fan hûzen mei reiddakken kieze hieltyd faker foar goedkeap reid út Azië of East-Europa, wêrtroch't Fryske reidboeren in legere priis krije foar harren waar. Om it fak yn Fryslân te behâlden, pleitsje reidboeren Henk en Harmen Elzinga, heit en soan, foar subsydzje fan de provinsje.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De Elzinga's binne freedtemoarn drok oan it wurk yn Aldegea (Smellingerlân). Heit Henk is dwaande mei de 'slûkmasine', sa't er it sels neamt. "Dêr sitte pinnen oan en dy lûke it túch út it reid, sadat it skjinne reid oerbliuwt." It túch wurdt opbaarnd, want dat mei net yn it lân efterbliuwe. In eintsje fierderop stiet soan Harmen. "As de sinne fan 'e middei wat mear macht krijt en de wyn wat oanhellet, is it reid drûch en kinne wy it bondelje. Dan komt der gjin skimmel tusken."
It reid dat Henk en Harmen snije, wurdt brûkt as dakbedekking. It snijen bart yn de winter. "Dat dogge wy sa'n bytsje fan begjin jannewaris oant 1 april, want dêrnei meie we net mear yn it fjild komme. Dan krije de fûgels har plakje wer", fertelt Henk. De twa pachtsje it lân dêr't se harren reid wei helje fan It Fryske Gea. Nei it snijen, is it tiik foar it dakdekken. "Fan 1 april ôf wurdt it waar ek wer wat gaadliker om op it dak te wêzen, dus dat is in moaie kombinaasje."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach by de Elzinga's
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De Elzinga's dogge harren wurk mei in soad wille. "It is hjir prachtich moai. As it waar in bytsje geskikt is, binne we hijr wol te plak", fertelt Henk. It fak stiet lykwols ûnder grutte druk. "It bûtenlân is ús konkurrint." Keapers fine hieltyd faker goedkeapere, mar ek kwalitatyf goede alternativen yn it bûtenlân, benammen yn East-Europa en Azië.
"Dêrneist wol de jongerein der eins net mear ynstappe. De mearderheid fan de reidsnijers is oer de 50 jier", ferfolget Henk. Der moat neffens him dêrom in stimulâns komme foar dy leeftydsgroep om dochs foar it fak te kiezen. Soan Harmen hat de leafde foar it fak wol fûn. "Troch ús heit bin ik hjirmei begûn", fertelt hy. "Fan jongs ôf oan die ik mei him mei en dan krijst der wat aardichheid oan. Sa ha ik besocht dit in diel te meitsjen fan myn berop."
Trochdat klanten harren reid no earne oars keapje, is de priis dy't Fryske reidboeren foar in boskje krije flink ûnderút helle. "Dejinge dy't hjirfan profitearret is de klant. Dat is gjin ôfgeunst, mar dêr hawwe wy neat oan", leit Henk út.
Yn Oerisel rint op it stuit in projekt. Húseigeners kinne dêr subsydzje fan de provinsje krije as se reid út Oerisel keapje. Dat is net allinnich bedoeld om de regionale ekonomy te stimulearjen, mar ek fanwegen de kulturele wearde fan reiten dakken. Sa'n selde regeling sjogge de Elzinga's ek graach yn Fryslân. "Ik tink wy dêr út oare rjochting wei in ympuls krije moatte sadat it foar ús ek wer gaadlik wurdt om reid te meanen."
Henk en Harmen fertelle oer it reidsnijen
Yn 2019 seach it programma Hea! by de Elzinga's:
HEA! reidsnije