Aris ferliest ek twadde wedstriid yn Elite B

Aris hat tongersdeitejûn ek de twadde wedstriid yn de Elite B ferlern. Nei ferlies tsjin Apollo Amsterdam wie no koprinner Yoast United te sterk foar de Ljouwerter basketballers. It waard 73-100.
Andres Ibarguen en Giannis Dimakopoulos © Orange Pictures
Yoast United naam fuort de foarsprong yn hannen en stie op it ein fan it earste kwart op 12-23. De Ljouwerters kamen yn de twadde perioade werom yn de wedstriid en makken sels lyk, mar stiene by it skoft dochs krekt efter: 41-44.
Nei it skoft rûn Yoast United wer fierder út, nei 59-77 by it ein fan it tredde kwart en oan it ein wie it dus sels 73-100.

Elite B

De minste seis teams fan de gewoane kompetysje spylje no yn de saneamde Elite B. De twa ploegen dy't boppe-oan einigje, pleatse har mei de seis ploegen út de Elite A foar de play-offs om it kampioenskip. Aris stiet nei de twadde wedstriid op it fjirde plak fan de Elite B, mei 8 punten efterstân op nûmer twa Weert. Der folgje noch acht wedstriden.