Frysk Keamerlid Aukje de Vries (VVD) wiis mei winst: "In boppeslach!"

VVD-Keamerlid Aukje de Vries fan Ljouwert is út de skroeven dat har partij sawol lanlik as yn Fryslân de grutste is. "Ik bin ôfgryslik bliid dat wy it fertrouwen wer krigen hawwe." De VVD stiet no op sa'n 35 sitten, wêrtroch't De Vries as nûmer 8 fan de partij opnij wis is fan in plak yn de Twadde Keamer.
© ANP
De Vries hat de útslaggen woansdeitejûn net hielendal ôfwachte. "De útslaggen kamen wol hiel let binnen, dus ik ha it net hielendal útsjoen, mar it wie in moaie jûn." Dat de VVD opnij de grutste is, fernuveret De Vries net. "Ik tink dat minsken har ôffregen wa't har de kommende perioade troch de krisis sleept. Se hawwe der ek betrouwen yn dat de VVD soarget foar ekonomysk werstel. Dêr bin ik grutsk op."
Neffens it Keamerlid hawwe minsken no ferlet fan stabiliteit en kieze se dêrom foar de fêstige oarder. "Dêr bin ik hiel bliid mei, dat is in boppeslach!" De provinsjale en gemeentlike winst jout De Vries ek hoop foar de gemeenteriedsferkiezings yn 2022. "Dat is ek in opstekker!"

"We moatte oan de slach"

It leafst giet De Vries fuortendaalks oan it wurk. "We moatte oan de slach, want der is in soad wurk te dwaan. De coronakrisis, de wenningmerk, de ekonomy, ûndernimmers hawwe it op it stuit swier", seit se. Dat kin de VVD lykwols net allinnich, se moatte dêrfoar oare partijen yn 'e earm nimme. "Ik tink dat it logysk is dat we dat mei oare grutte partij en winner D66 prate."
"En it is gjin geheim dat wy it CDA derby ha wolle", ferfolget De Vries. Dy partij hat it der dizze ferkiezings net goed fan ôfbrocht, "mar it giet derom mei wa'tst ynhâldlik oerienstimming berikst en in stabyl kabinet foarmje kinst." Earst mei D66 om tafel dus. "It is earst ôfwachtsjen."

'Giet net om de popkes'

Tongersdei komme de lanlike fraksjefoarsitters by elkoar. "Wy fine it wichtich dat wy gau fan start kinne en mei it werstelplan oan de gong kinne yn Nederlân." De Vries is wiis mei har Keamersit, mar neffens har giet it net om 'de popkes'. "We moatte no earst dwaande mei de ynhâld."
Aukje de Vries (VVD) oer de winst fan har partij