Sjoch hjir hoe't dyn gemeente stimd hat

Alle Fryske stimmen binne teld. Yn hast de hiele provinsje is de VVD de grutste partij. Allinne yn it Noardeasten hâldt it CDA stân. D66 wint foar it earst yn twa Fryske gemeenten.
Op ûndersteande kaart is te sjen hoe't alle gemeenten dit jier stimd ha, troch op de betreffende gemeente te klikken.
Hjirûnder is te sjen hoe't de totale útslach der út sjocht. De VVD is wol de gruste wurden, mar hat yn prosinten net in protte wûn. D66 en Forum voor Democratie binne dan de grutte winners.
Ien dei nei de ferkiezingen folget Omrop Fryslân it ferkiezingsnijs noch altyd op de foet. De lêste útslaggen, it belangrykste nijs en de Fryske reaksjes steane yn ús liveblog.