Grut stik strân op It Amelân fuortspield
In grut stik strân is de ôfrûne dagen by Hollum op It Amelân fuortspield. It is op dat plak, dat Suudwest neamd wurdt, wol faker bard. Dochs is dizze strânôfslach wol bysûnder fanwegen de ôfmjittingen. It giet om in stik mei in lingte fan 25 meter en ien oant twa meter hichte.
Stik strân It Amelân fuortstpield
Sân sakket hjir faker yn de see, want it giet hiel steil nei ûnderen en yn de geul is it wol 25 meter djip. Golfslach, in sterke streaming en in soad wyn soargje dan foar ôfslach. It is net fier fan it plak ôf dêr't eartiids de rêdingsboaten te wetter litten waarden. Yn 1979 ferdonken dêr acht hynders fanwegen in ûnferwachts gat yn it strân. It bliuwt in riskant plak, al kinne je der no wol wer feilich kuierje.

"It risiko hat no al west", seit Jan Visser fan Rykswettersteat. "En as je der mei de auto stean en it gebeurt, dan is de auto net yn ien kear fuort. Dêr giet in proses fan in heal oere oerhinne. Mar je kinne it yn it foar net foarspelle."
Rykswettersteat is ferantwurdlik foar it kustbehear. Se dogge op dit plak in soad mjittingen en hâlde de situaasje goed yn 'e gaten. Ek nei de nijste ôfslach wurdt der metten. Visser ferwachtet gjin soarchlike resultaten. It strân werstelt himsels trochdat sân de ûntstiene gatten wer opfollet.