Wachtwurd 'PLYSJE' makket rap ein oan lûdsoerlêst yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat op in wol hiel bysûndere wize in ein makke oan lûdsoerlêst. Op sneontejûn kaam der in melding binnen fan in feestje yn in wenning oan It Soal. Doe't de plysje op de doar kloppe, waard harren troch de bewenner frege nei it wachtwurd. It wachtwurd 'PLYSJE' makke rap in ein oan de feestlûden.
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
De bewenner fûn de besite fan de plysje mar ûnsin. Neffens him hiene de aginten fêst wol wat betters te dwaan. De man krige de warskôging dat it wachtwurd 'PLYSJE' him de folgjende kear in boete opsmite soe.