Fryske Keamerkandidaten: "Boer fertsjinnet earlike priis"

De boer fertsjinnet in earlike priis, dat wie de mienskiplike konklúzje fan trije hiel ferskillende Fryske kandidaten foar de Twadde Keamer. Aukje de Vries (VVD), Ramon Vos (SP) en Douwe de Vries (CDA) wiene te gast yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Fansels woene se benammen graach kwyt dat se efter de boeren stean, mar oer hoe't de posysje fan de boer ferbettere wurde kin en takomstbestindich wurde kin, ferskilden de ideeën.
Ramom Vos (SP), Aukje de Vries (VVD) en Douwe de Vries (CDA) © Omrop Fryslân, René Koster
Douwe de Vries fan Hallum, dy't mei in eigen kampanje as ekstra Fries foar it CDA yn de Keamer besiket te kommen, wiisde benammen op de keten "Van grond tot mond". Neffens De Vries moat dêryn it nedige barre om ta in earliker priis foar de boer te kommen. "Mar ek de konsumint moat syn rol pakke, want dy kiest te maklik foar it produkt mei de leechste priis."
Drachtster Ramon Vos fan de SP fynt dat we 'net mear fan lân helje moatte, as it lân sels drage kin. "Er komt een hele klimaatcrisis aan -als we daar niet al in zitten- waarvoor je de ogen niet kunt sluiten. Het is te gemakkelijk om tegen agrariërs te zeggen: lossen jullie dat maar even op. Het is een veel breder maatschappelijk probleem, dat je oplost door de macht van de grote bedrijven te breken. Boeren werken zich kapot, maar het levert nu veel te weinig op. Kleinschaliger en circulair, dat is de toekomst."
Keamerlid Aukje de Vries fynt dat de boeren by har VVD noch altyd goed te plak binne. "Mar ik begryp de frustraasje fan de boeren wol. Se wurde hieltyd wer mei bakken regels konfrontearre en moatte dêr dan mar mei rêde. No ek wer fanwegen de greidefûgels. Der wurdt fuort wer allinnich nei de boer sjoen, dy moat it mar oplosse, wylst der bygelyks net nei de oanpak fan predatoaren sjoen wurdt. Praat mei de boeren, soe 'k sizze en kom mei in better plan."
Fragmint út it Nijsfoarum
Harkje Buro de Vries werom.