Part rûnom stasjonsgebou Wolvegea ôfset fanwege hurde wyn
In part rûnom it stasjonsgebou fan Wolvegea is ôfset fanwege in mooglik gefaarlike situaasje troch de hurde wyn. In planke fan it dak wie losrekke fan it gebou út 1865.

Twa brânwachtlju ha mei in heechwurker de skea boppe-op it gebou ynspektearre en de losse planke fan it gebou helle. Tagelyk kamen der noch treinen op it stasjon, dêrom is in part fan de omjouwing ôfset mei lint.