Fiif Fryske teäters bringe Wit Konijn Rood Konijn; "Ik sjoch wol wat der komt"

Yn mear as 40 teäters yn Nederlân wurdt dizze sneon it stik 'Wit Konijn Rood Konijn' spile, ek fiif Fryske teäters dogge mei. De foarstelling wurdt yn mear as 30 lannen opfierd. It bysûndere oan it stik is dat de akteurs yn it foar net witte wat sy spylje sille. Se krije de tekst net earder as dat se op it toaniel stean. Yn Snits stiet Theun Plantinga dizze jûn op de planken.
© Wit Konijn Rood Konijn
Theun Plantinga is wiis dat er nei in jier fan corona lang om let wer de planken op mei. "En dan ek nochris mei wat hiel bysûnders. Ik krij jûn pas op it toaniel in slúf mei dêryn it skript fan it stik dat sa'n oere en in kertier oere duorret."
It stik is skreaun troch de Iraanske Nassim Soleimanpour. It is in bekend stik en al folle faker spile oer de hiele wrâld. "Ik wit net iens oft it in monolooch is, ik ha gjin idee. Ik woe noch sykje op Google, mar der is ek neat fan te finen. De ynhâld moat geheim bliuwe."

"Ik gean der mar gewoan stean"

Plantinga hat soks noch net earder dien. "Wol ymprovisaasje, mar ik doar it wol oan. Ik fyn it ek wol in eare dat ik frege bin. Ik ha der sin oan, der binne in soad foarstellingen ôfsein. Ik gean der mar gewoan stean en sjoch wol wat der komt. Miskien komme der wol balletdûnseressen yn foar, ik ha gjin idee. Ik wit fan neat, mar it publyk wit ek fan neat. As it no hiel min is, dan leit it oan it skript fansels", laket er.
It is dus de earste lêzing en de premjêre tagelyk. "Der komt mar ien ferzje fan. As ik it moarn wer dwaan soe, soe ik it oars dwaan, mar dat kin dus net. It is mar ien kear te sjen. Mar it hâldt my wol dwaande. Want watfoar klean doch ik oan? Miskien moat ik wol wat fysyks dwaan dus moatte klean maklik sitte of moat ik krekt in pak oan? Sil ik knine-earkes op dwaan of net?"
De foarstelling wurdt spile foar in lege seal. "Der sitte in pear meiwurkers en wat kamera's fansels."
Theun Plantinga
© Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese
De foarstellingen binne te sjen fia in livestream op de webside fan de teäters en begjinne om 20.00 oere.