Sander Arends nei heale finale fan ATP-toernoai Marseille

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat tongersdeitemiddei de heale finale berikt fan it ATP-toernoai fan Marseille. Yn Frankryk wie de dûbeldspesjalist, tegearre mei partner David Pel, mei 6-4 en 7-6 te sterk foar Aisam Ul-Haq Qureshi út Pakistan en syn Ingelske maat Jonny O'Mara.
© ANP
It is pas it earste haadtoernoai fan dit jier dêr't Arends twa partijen op rige winnend ôfslút. Earder dizze wike wiene hy en Pel al mei 6-4 6-4 te sterk foar de Frânsen Jo-Wilfried Tsonga en Albano Olivetti.
Yn de heale finale binne de Amerikanen Nathaniel Lammons en Jackson Withrow de tsjinstanners.