Tytsjerksteradiel ta de bûse: 14.000 euro kompensaasje foar sportferieningen

Sportferienings yn Tytsjerksteradiel dy't skea hawwe fan de coronamaatregels, kinne kompensaasje krije fan de gemeente. Dy hat it jild sels krigen fan it ryk. Klups kinne in fergoeding krije foar kosten dy't se makke ha foar bygelyks de oankeap fan desynfeksjemiddel, spatskerms of ekstra himmelbeurten.
Gemeente Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sportferieningen oant hûndert leden kinne op syn meast 250 euro krije, gruttere klups fiifhûndert euro. De gemeente hat yn totaal 14.000 euro beskikber. It giet om skea dy't ûntstien is tusken 15 maart 2020 en 31 desimber 2020. "It is net in hiel grut bedrach, mar it is wol in steun yn 'e rêch foar de sportferienings", sa seit wethâlder Gelbrig Hoekstra.
It jild is troch it Ryk beskikber steld oan gemeenten om frijwilligersorganisaasjes kompensaasje te jaan. Tytsjerksteradiel hat besletten om it jild beskikber te stellen foar sportferieningen. "Sportferienings hawwe in ferbinende funksje yn ús mienskip. Ek no sette sy har yn om har sportaktiviteiten sa goed as it kin fuort te setten. Dêrom fertsjinje sy alle stipe en hawwe wy dit beslút naam", seit Hoekstra.
De subsydzje kin fan 15 april ôf oanfrege wurde by de gemeente. "As alle oanfragen oanfragen binnen binne en we soene it plafond oergean, dan wurde alle oanfragen nei evenredigens behannele." Hoekstra kin noch net sizze hoe soad oanfragen oft se ferwachtet. "It giet der no earst efkes om dat eltsenien wit dat dizze maatregel der is. We sille sjen oft we útkomme."
Wethâlder Gelbrig Hoekstra fan Tytsjerksteradiel