Der is in 'wachtlist' fan boeren dy't agrarysk natuerbehear dwaan wolle

Der is suver in wachtlist fan boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dwaan wolle, mar dêrfoar no de kâns net krije. Dat seit foarsitter Albert van der Ploeg fan it Kollektivenberied Fryslân: de koepel dêr't sân agraryske natuerferieningen ûnder operearje. Hy hat dat dúdlik makke op in provinsjale gearkomste oer natuerbehear.
Skoalbern wurkje oan in houtwâl © Omrop Fryslân
Albert van der Ploeg fan it Kollektivenberied Fryslân
"Boeren wolle bêst wol wat foar de natuer dwaan. dat sjochst hieltyd mear", seit Van der Ploeg. "It is in bytsje in kultuerferoaring. Mar it moat wol opsmite, want je litte wol wat lizze."

Protte gadingmakkers foar lânskipseleminten

"It is wol folle breder as greidefûgels", fertelt Van der Ploeg. "Yn it noardeasten en súdeasten ha we in soad moaie lânskipseleminten." Sa kin it tal boeren wol ferdûbele wurde dat op saneamde iepen ikkers oan natuerbehear dwaan wol by agraryske natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden. Ek foar it behearen fan lânskipseleminten lykas elzesingels binne der folle mear gadingmakkers as dat der plak is. Van der Ploeg ferwachtet ek mear animo foar it greidefûgelbehear as de regels wat fleksibeler wurde.
Mear boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge, is wol te regeljen. Mar dêrfoar is mear jild nedich. Neffens Van der Ploeg heart dat gjin probleem te wêzen. Lanlik is der 70 miljoen euro beskikber foar agrarysk natuerbehear en dat is ek sa'n bytsje wat wy gewoanwei de loft yn sjitte mei in normale jierwiksel.

Langere tiid itselde

Oare saakkundigen op de provinsjale gearkomste en dan benammen de partikuliere natuerbehearders makken dúdlik dat it ek wichtich is dat de ynrjochting en de regels fan it natuerbehear foar langere tiid itselde bliuwe. In mienskiplike stip op 'e hoarizon waard ek noch frege en ekstra ynvestearringen yn gebieten dy't mei it hjoeddeiske jild foar natuerbehear net op in heger plan tild wurde kinne.