Max Aardema (PVV) wol Keamer yn mei genôch foarkarstimmen

As Max Aardema safolle foarkarstimmen krijt dat er Keamerlid wurde kin, dan docht er dat ek. Dat seit er yn it radioprogramma Buro de Vries. Aardema stiet op plak 47 fan de list. Dat is in ûnferkiesber plak.
Max Aardema © ANP
It gong der om wei yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Harkje hjir nei de hiele diskusje.
Aardema die syn útspraak yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Dêryn diskusjearre hy mei ûndernimmer Jenny Douwes en kandidaat-Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) oer aktuele saken. Se wiene it hast nergens oer iens.

Stevige krityk op aspirant-Steatelid Van Swol (Code Oranje)

Oer ien saak koene se it wol iens wurde: As jo troch de kiezer foar in bepaalde partij yn de Keamer of Steaten keazen binne, dan jouwe jo dy sit werom as jo der útstappe. Moreel is it net ferantwurde om dan foar in oare partij yn dy keamer te sitten.
Dêrmei hie it trio stevige krityk op Samuel van Swol út Ljouwert, dy't ein maart as Steatelid ynstalleare wurdt. Van Swol slút him oan by de partij Code Oranje, fan de Haachske âld-wethâlder Richard de Mos. Mar hy komt yn de Steaten fia Forum voor Democratie. Hy folget Johan Stellema op, dy't koartlyn opstapte by Forum.

'Westerlingen gefaar foar Fryske taal'

Oer alle oare diskusjepunten ferskilden de foarumleden fan miening. Sa sei Habtamu de Hoop, dy't op nûmer njoggen stiet op de kieslist fan de PvdA, dat westerlingen hjir fan herte wolkom binne wylst Aardema kritysk is op westerlingen dy't nei ús provinsje ta komme om relatyf goedkeap in hûs te keapjen. "Us Fryske taal giet der oan as wy dat tastean."
De Hoop makket him sterk foar mear huzebou. "Us jongelju moatte yn it doarp wenjen bliuwe kinne, sadat it doarp leefber bliuwt. Op dit stuit is it eins ûnmooglik foar jongelju om oan in hûs te kommen yn it doarp dêr't se opgroeid binne". Mei dit agindapunt fan de PvdA profilearret de Hoop him yn de ferkiezingskampanje.
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
De 22-jierrige PvdA-er út Easterein die it goed yn de foarumdiskusje tsjinoer twa minsken dy't it meastentiids mei elkoar iens wiene. "Habtamu bleau probleemleas oerein tsjin it rjochtse lûd" wie in reaksje yn in whatsappberjocht nei Omrop Fryslân.

Meardere partijen woene yn see mei Jenny Douwes

Max Aardema stiet mei syn 47ste plak op de kieslist fan de PVV yn prinsipe op in ûnferkiesber plak. "Mar ik bin de iennige noarderling, dat it kin ek sa wêze dat ik mei foarkarstimmen keazen wurdt en as dat bart dan sil ik ek nei Den Haag ôfreizgje." Undernimmer Jenny Douwes fan Drachten ambiearret op dit stuit net in politike karriêre, hoewol't der wol partijen by har oankloppe ha.
© Omrop Fryslân
"Mar op dit stuit bin ik net beskikber. Der is trouwens ek gjin inkelde partij dêr't ik my oan konformearje wol, omdat der meardere partijen binne mei stânpunten dêr't ik my wol yn fine kin, mar se hawwe ek allegear stânpunten dêr't ik it net mei iens bin."

'Wynenerzjy is marzjinaal, kearnenerzjy is nedich'

Douwes toande har in grut foarstanner fan kearnenerzjy, krekt lykas Aardema "Mei wyn- en sinne-enerzjy rêde wy it net. Dat is marzjinaal. Wy hawwe kearnenerzjy nedich om oan it ferlet oan enerzjy foldwaan te kinnen" sa sei hy yn Buro de Vries. Habtamu de Hoop wie it der folslein net mei iens. "PvdA, Grien Links en D66 binne de iennige partijen dy't de klimaatdoelen helje, sa docht bliken út de trochrekkening fan it Centraal Plan Bureau. De PVV hat dat net iens dwaan litten".
Neffens De Hoop moat der net allinnich ynset wurde op sinne- en wynenerzjy. 'Ek geotermy en wetterstof binne enerzjyboarnen dêr't wy mear mei dwaan moatte", sa sei er. "Mar kearnenerzjy binne wy absolút net foar. Njonken de risiko's is it fierstente djoer. Der is gjin bedriuw dy't dêr ynstappe wol."