Auto folslein útbaarnd yn Sint-Jabik

Yn Sint-Jabik hat yn de nacht fan sneon op snein in autobrân west oan de Geert Veenhuizenstrjitte. De auto is dêrby folslein útbaarnd. Doe't de brânwacht op it plak kaam, stie de wein al yn ljochte lôge. De brânwachtlju hawwe it fjoer dêrnei rap útmakke.
© SRFotografie
It is net bekend hoe't de brân ûntstien is, de plysje docht dêr ûndersyk nei. De melding fan de brân wie om 03.00 oere hinne.