Noppert útskeakele nei spannende wedstriid yn Ingelân

Danny Noppert is sneontemiddei yn de fyfde ronde fan de UK Open yn Milton Keynes útskeakele. De Jouster darter ferlear yn in spannende wedstriid mei 10-8 fan Dave Chisnall út Ingelân. Yn syn lêste telefyzjetoernoai ferlear Noppert ek al fan Chisnall, dat wie op it WK yn Londen ein desimber ferline jier.
© Orange Pictures
De Fries sette sneontemiddei goed útein tsjin de Ingelsman. Oant 7-7 bleau Noppert syn tsjinstanner hieltyd krekt foar, mar dêrnei sette Chisnall oan. Dy wûn úteinlik mei 10-8 fan Noppert. Chisnall smiet in gemiddelde fan mear as 100 punten; de Fries einige dêr mar krekt ûnder.
De UK Open wie nei it WK fan ôfrûne desimber wer it earste grutte telefyzjetoernoai fan it dartbûn PDC. De regearjend kampioen is Michael van Gerwen.