SKS tinkt oer 'bubbel' om coronakampioenskip mooglik te meitsjen

De skûtsjesilers fan de SKS geane derfanút dat der dit jier in kampioenskip syld wurde kin. Dat seit skipper Harmen Brouwer nei ôfrin fan in ledegearkomste. "De SKS giet út fan plan A: Alle dagen sile."
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Harmen Brouwer
Der is ek in plan B. Dan wurdt der ien wike syld, yn pleats fan twa, ergens op in mar yn Fryslân, yn pleats fan hieltyd op in oar plak. Dan kinne der meardere wedstriden op in dei dien wurde. De skippers en bemanningen sitte dan yn in bubbel. "Dat is it meast ekstreme senario", seit Brouwer. De feilichheidsynstânsjes moatte der noch oer gear. Dat kin yn de kommende wike.
Foarich jier is it kampioenskip net trochgien, fanwege de coronamaatregels. Neffens Brouwer soe it 'te gek' wêze as der dit jier opnij net syld wurdt. "Twa jier net sile, dat kinne je net betinke. Miskien is it koartsichtich of sa, mar we bliuwe posityf. Gaan met die banaan!"