Itzhak de Laat pakt earste yndividuele medalje op WK
Itzhak de Laat is sneon op it wrâldkampioenskip shorttrack as twadde einige op de 1.500 meter. De Kanadees Charles Hamelin bleau De Laat krekt foar. It is de earste yndividuele medalje fan de Ljouwerter shorttracker op in wrâldkampioenskip. Sjinkie Knegt helle de finales net; hy krige yn de heale finale in penalty en wie dêrmei útskeakele.
Yn de finales woe De Laat aktiver ride, sa sei er oan de foarjûn fan it WK. Dat liet er sjen yn de finale fan de 1.500 meter. Hy pakte betiid yn de race de kopposysje, mar moast dy efkes letter wol wer ôfstean oan Hamelin. De Kanadees koe de lieding behâlde en efter him slagge De Laat der net mear yn om in oanfal te pleatsen. Wol koe de Ljouwerter de doar ticht hâlde foar nûmer trije Semen Elistratov, wêrtroch't it him in sulveren medalje opsmiet. Boppedat die er goeie saken foar it allroundklassemint.
Troch syn penalty yn de heale finale mocht Knegt ek gjin B-finale ride. Hy pakte dus gjin punten foar it einklassemint. Knegt soe in flater makke hawwe yn in bocht, mar wist nei ôfrin net wêrom't er de straf krige.
Sawol De Laat as Knegt ride letter sneontemiddei ek de 500 meter.
Utslach 1.500 meter manlju
1. Charles Hamelin (KAN) |
2. Itzhak de Laat |
3. Semen Elistratov (RUS) |
4. Sandor Shaolin Liu (HON) |
5. Luca Spechenhauser (ITA) |
6. Maxime Laoun (KAN) |
7. Shaoang Liu (HON) |
Reinis Berzins (LET) penalty |