Earste ljipaai fan Fryslân by Raard fûn troch Simon Spriensma: "Dit is machtich"

It earste ljipaai fan Fryslân is fûn yn de greide oan de Spriens by Raard (Noardeast-Fryslân), troch de 39-jierrige Simon Spriensma fan Dokkum. Hy fûn it aai doe't er mei twa kammeraten oan it sykjen wie. Spriensma is der wakker wiis mei: "Dan stiest wol te triljen op de fuotten en it hert slacht in kear oer. It is machtich wat der dan bart." It BFVW hat de fynst goedkard. Neffens tradysje krijt de fynder út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok de Sulveren Ljip.
Earste ljipaai fan Fryslân by Raard fûn troch Simon Spriensma: "Dit is machtich"
"It is echt geweldich," seit Spriensma. Hy is út 'e skroeven mei de fynst. "Ik hie mei twa neisoarchkammeraten al in moaie slach makke. Wy soene op hûs oan en wy sjogge dochs by in prachtige plasdras in pear ljipkes dûkeljen. Dus de auto yn de daam en wy seagen in swarte krie oerfleanen dêr't twa ljippen boppe-op sieten. Dochs it lân noch efkes yn en ferdoarje: wy dogge in pear slaggen en dêr leit er."
Dan stiest wol te triljen op de fuotten en it hert slacht in kear oer.
Simon Spriensma
De fynst is wol efkes in momint. "Geweldich dat je it mei je maten fine. Wy binne de hiele maitiid it fjild yn foar de neisoarch by de boeren. Ik seach 'm it earst, ik rûn tusken de oare manlju yn. Wy hiene al wat nêsten fûn, mar gjin aaien fansels. Mar wy rinne noch ien kear hinne en wer en doe lei it foar my. Ik sei: jonges, dêr leit er. Sy seine: dat mienst net. Mar it wie echt. Ik haw earst de BFVW belle, doe myn freondin en doe myn heit. Him haw ik ek fuort belle, fan him haw ik it leard."

Yn plasdras

It briedsje is fûn yn in plasdrasgebiet, dat fan de boer Eelco Hiemstra is. "It dykje hjit de Spriens, dat is wol hiel tafallich mei myn namme," seit Spriensma. Spriens wie oarspronklik in buorskip ûnder Raard. "It is twa stikken lân fan de dyk ôf, it is ien fan ús moaiste gebieten mei krûderyk lân en plasdras. Wy hawwe hjir de lêste jierren in soad sukses. Mar dit ferwachtsje je net, hielendal sa heech yn it noarden net. Faak binne wy wat let hjir."
It jout mar wer oan hoe wichtich bioferskaat is foar de fûgels, fynt Spriensma. "Ast ek sjochst hoefolle skriezen hjir binne. It is krûderyk, de kij rinne der njonken yn de maitiid. Der leit moaie rûge dong oerhinne. Dêr leit it briedsje ek middenyn. De plasdras leit hjir no in jier as fiif, mar it docht echt fertuten."
Simon Spriensma by it briedsje by de buorskip Spriens © BFVW
Simon Spriensma, wylst de BFVW der oan rinnen komt
Ferline jier waard it earste ljipaai fan Fryslân op 8 maart fûn by Aldegea (De Fryske Marren) troch 25-jierrige Michel van der Goot fan Himmelum. "Hjir dogge je it úteinlik foar", sei hy doe. Yn 2019 waard it earste ljipaai wol hiel betiid fûn: op 28 febrewaris al. Eduard van der Hoek trof it earste aai doe oan yn Vegelinsoard: nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn.
It earste lanlike ljipaai fan 2021 is freed fûn troch Otwin Nonnekes yn Wilnis (Utrecht). It earste aai fan Nederlân is yn de ôfrûne tsien jier mar twa kear yn Fryslân fûn.