Kollum: "Is FrieslandCampina noch wol in koöperaasje?"

"Der wie dizze wike nochal wat opskuor oer it feit dat FrieslandCampina gjin neibetelling dwaan sil oan de boeren dy't molke leverje oan dizze koöperaasje. It wurd koöperaasje is al hiel âld. Mar wat betsjut it eins? En is dat dan noch wol fan tapassing op in bedriuw as FrieslandCampina?
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Sa as in hiel soad oare saken is in koöperaasje in Britske útfining. It giet werom nei it jier 1760. Dat is in skoft lyn, Nederlân hie yn dat jier te krijen mei dyktrochbraken, de foarsitter fan de Ried fan Steat Anno Zwier van Haren waard troch twa fan syn dochters oanklage foar seksueel misbrûk, de Frânsen en Britten fochten om Yndia en Europa siet midden yn de Sânjierrige Oarloch (1756-1763)
In hiele oare tiid, mar yn de Ingelske stedsjes Chatham en Woolwich waarden doe koöperative moalfabriken iepene. De arbeiders wienen eigener. De sosjalisten en ek de anargisten wienen bliid mei de nije foarm, hjirtroch krige it ek in politike lading. De tsjerken wienen net bliid mei de koöperaasjes, want se seagen it as krityk op harren soarch foar de earmen dy't se al iuwenlang foar harren rekken namen.
Ek de boeren foarmen koöperaasjes. Yn in soad Fryske doarpen kinne jim de restanten der noch fan sjen. Suvelfabrykjes. Tsjinwurdich wurde se foar fan alles brûkt, sealesintrum, kringloopwinkel, keunstatelier, brûsplak en sa kin ik noch wol fan alles opneame. De boeren ha de koöperaasjes oprjochte om harren produkten better yn de merk te setten. Yn de measte gefallen stie der neist it fabryk de wenning fan de direkteur. It wie oersichtlik.
Sels ha ik mei heit noch wolris nei in jiergearkomste west fan wat doe De Takomst hjitte. It fabryk stie yn Wolvegea, mar de gearkomste wie yn it romrofte Tropenfauna, dat no Hof fan de Koning hjit. It wiene legindaryske jûnen, de direkteur sette yn syn speech it belied fan de fabryk útein en fansels wienen der alle jierren de praatsjes oer de kwaliteit fan de molke. Wie hast alles besprutsen, kaam der tiid foar in buorrel mei byhearrende sigaar. Fansels wie dat it hichtepunt fan de jûn, mar foardat it safier wie, moast der noch ien lytse hobbel naam wurde. De rûnfraach.
Eltsenien hie it swit al yn de hannen, want it wie alle kearen bidde dat dy iene boer sitten bleau. Mar faak gie er stean, luts mei in teätraal gefoel foar drama de broek hast oan it kin ta omheech en begûn dan de direkteur te befreegjen oer it earste punt fan syn speech. Dêrnei folgen alle punten en sa koe it wêze dat je it hiele ferhaal twa kear oanhearre moasten. It hong der in bytsje fan ôf hoefolle geduld de direkteur hie, want dy koe syn pappenheimers fansels ek wol.
Dat wie de tiid dat koöperaasjes noch te behappen wienen. De tiid dat elts de term koöperaasje noch in bytsje keppelje koe oan it fabryk dêr't je de molke oan leveren. Mar dy tiid wie mar koart. Dêrnei ha de boeren alle echte sizzenskip op harren eigen útfining ferlern. De goedbedoelde lytse gearwurking kaam stadichoan yn de greep fan managers dy't mar ien ding foar eagen hienen: skaalfergrutting. Dat wie de ein fan de romantyk en it begjin fan wat no de suvelyndustry is. In mondiaal spultsje fan multynationals lykas FrieslandCapina, Nestlé, Fronterra, Danone, Arla Foods en ek Unilever stiet yn de top 15 fan mondiale spilers op de suvelmerk.
Wat ik eins it slimste fyn is dat bedriuwen lykas FrieslandCampina de namme koöperaasje noch doarre te brûken. As in soarte fan geuzenamme. Koöperaasje betsjut gearwurkje, mar boeren binne foar dizze megabedriuwen inkeld noch taleveransiers. Eins binne se ferwurden ta molkko. Leverje en produsearje, dêr binne se goed foar. De rest wurdt troch de managers regele. En op de molkpriis ha de boeren al hielendal gjin ynfloed mear.
Neam my in romantikus, mar miskien wienen al dy lytse fabrykjes dochs net sa gek. De jiergearkomsten wienen yn elts gefal in skoalfoarbyld fan wat se hjoed-de-dei sa graach Mienskip neame."