Noorderbreedte en Thuiszorg Het Friese Land fusearje

Soarchgroep Noorderbreedte en thússoarchorganisaasje Het Friese Land fusearje op bestjoerlik nivo. Dat betsjut dat der ien bestjoer foar beide organisaasjes komt. Beide 'merknammen' bliuwe wol bestean. De fúzje giet op 1 july yn.
© Shutterstock
Mei de gearwurking wolle de soarchorganisaasjes de soarch foar kwetsbere ynwenners fan Noard- en Midden-Fryslân ferbetterje en tagonkliker meitsje. It giet dan bygelyks om komplekse ferpleechsoarch thús, in goeie trochstream fan soarch thús nei ferpleechhûssoarch en sikehûs en refalidaasje. Se wolle ek mear ynsette op it gebrûk fan soarchtechnology.