Freedsmerk: "Lit de Russen mar komme, mar allinnich it faksin graach"

It Russyske Spoetnik-faksin wurdt mei faasje ek yn Europa test om it hjir beskikber te krijen foar de striid tsjin it coronafirus. Mar sitte wy hjir wol te wachtsjen op in Russysk prikje? "No, ik bin wol wat weromhâldend," seit in besiker fan de Ljouwerter freedsmerk. "It is Ruslân en dat seit al genôch..."
© Omrop Fryslân, René Koster
Ek in oar sei leaver te wachtsjen op in oar faksin: "In Spoetnik heb ik niet zo veel vertrouwen." Dochs hiene de measten gjin beswier. Wêrom soene jo it net wolle? As it goedkard wurdt, wol ik it wol hawwe." In man yn in scootmobyl wol se allegearre wol hawwe: "Hoe earder hoe better!"

Polityk op in leech pitsje

Beswieren fanwege minskerjochten wiene der wol, mar dat wie gjin reden om dit faksin te wegerjen: "As it goed is foar de sûnens, moatte we de polityk mar efkes op in leech pitsje sette." Ek dat presindint Poetin de prik sels noch net hân hat, wie ek gjin beswier, "Mar dat makket it der ek net better op. Lit ik it sa mar sizze."
In grutte mearderheid op de Ljouwerter freedsmerk doart it dus wol oan mei it Spoetnik-faksin: "Lit de Russen mar komme. Mar dan wol allinnich it faksin graach..."
Reaksjes fan de Ljouwerter freedsmerk