Helte Fryske wenten ferbetteret enerzjylabel, Harns is it sunichst

Hast de helte fan de Fryske hûzen hat in better enerzjylabel as yn 2015. Dat docht bliken út ûndersyk fan enerzjybedriuw Vattenfall. Wenningen yn Harns binne it meast enerzjysunich: de gemeente komt yn trochsneed út op definityf enerzjylabel B.
© ANP
48,5 persint fan de Fryske wenten waard enerzjysuniger en it gemiddelde enerzjylabel yn Fryslân gie omheech fan D nei C. Oer de hiele provinsje waarden wenten yn trochsneed 23,36 persint griener.
In soad wenningen dogge it lykwols noch better: mear as tsientûzen pannen ferbetteren fan label C nei B, goed 8.800 giene fan B nei A en 7.300 ferbetteren sels fan C nei A.

Harns en Flylân oan kop

Neist Harns docht ek Flylân it goed. Beide gemeenten komme gemiddeld op label B út. Alle oare Fryske gemeenten bliuwe stekken op label C. Skylge en Noardeast-Fryslân dogge it it minst yn Fryslân.