WoonFriesland bout 26 nije sosjale hierwenten yn Stiens

WoonFriesland bout 26 nije sosjale hierwenten yn Stiens op it eardere spoarwei-emplasemint yn it doarp. De plannen kostje sa'n 3,5 miljoen euro.
© WoonFriesland
De Wisseling is in nije wyk mei 58 wenten, wêrfan 26 hierwenten. WoonFriesland nimt de wenten ôf fan Friso Bouwgroep út Snits. De nije hûzen wurde duorsum ferwaarme mei in waarmtepomp en op it dak lizze sinnepanielen. De nije hierhûzen binne geskikt foar starters en húshâldens mei bern.
It eardere spoarwei-emplasemint yn it sintrum fan Stiens leit oan it spoar fan de line dy't earder tusken Ljouwert en Eanjum rûn. In grut part fan de rails is ferdwûn, mar it spoar is noch goed sichtber.
Yn de wyk stiet noch altyd de karakteristike remizeloads. Dy is resintlik beneamd ta gemeentlik monumint en krige de namme 'Lokaal 1903'. Wa't goed sjocht, werkent yn de rige hûzen in lokomotyf mei wagons.