Makkumer skipswerf De Vries regelet kapper yn caravan foar personiel

Goed fjirtich wurknimmers fan skipswerf De Vries yn Makkum hawwe woansdei de kâns krigen fan de direksje om mei in goed kapt kapsel oan it wurk te gean. De lieding hie in kapper yn in caravan regele op it terrein fan de werf. It wie bedoeld as in morele opkikker foar it personiel, nei in corona-útbraak op it bedriuw.
De kapper op it terrein fan skipswerf De Vries yn Makkum © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Nei ferromming fan de coronamaatregels mochten kappers woansdei wer foar it earst oan it wurk. De werf hat koartlyn in skoftke sletten west trochdat it coronafirus dêr útbruts. Yntusken is dy situaasje wer ûnder kontrôle. Mar om de stimming ûnder it personiel wat te ferbetterjen, stie der in kapper klear tusken de loadsen mei hiel grutte skippen.
Wurknimmers waarden der fergees holpen en it mocht ek yn de baas syn tiid. In grut sukses, want de kapper is foar twa dagen folboekt. Direkteur Sijbrand de Vries fan de werf hat der sels net it measte fan profitearre; hy is keal en allinnich syn burd is knipt.
Wa't woansdei net knipt wurde koe, kin tongersdei noch by de kapper yn de caravan telâne.
Ferslachjouwer Remco de Vries waard net knipt, de kapper wie folboekt