Zalen Schaaf moat wer "een snoepje van een gebouw" wurde

De trije plannen foar de takomst fan Zalen Schaaf waarden tiisdeitejûn wiidweidich oan de gemeenteried en omwenners út de doeken dien by in digitale gearkomste. Twa fan de trije plannen hawwe foaral in hiel dúdlik idee oer wat se yn it gebou dwaan wolle: fan ûnderwiis en start-ups oant muzykoptredens en musicalfoarstellingen. It tredde plan wol it karakteristike gebou wer yn eare werstelle en rjochtet him foaral op it gebou en de omjouwing. It is it resultaat fan in priisfraach dy't earder útskreaun is.
© Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan
De Ljouwerter gemeenteried nimt yn april in beslút oer de nije ynfolling fan ien fan de âldste teäters yn ús lân, mar in ûnôfhinklike sjuery hat al in rangoarder oanjûn troch alle plannen in sifer te jaan.
It plan fan ûntwikkelingsmaatskippij Turfmarkt B.V, dy't foaral ynset op ferbou en renovaasje, krijt de heechste skoare. Se hawwe in wiidweidich ferbouwingsplan mei as doel Sealen Schaaf multyfunksjoneler te meitsjen, sadat it breder brûkt wurde kin. Sa wolle se in binnentún oanlizze en moat de seal plak jaan oan ateliers en wurkromtes foar lytse ûndernimmers út de makkerskultuer.
Projektûntwikkelder Erik Schot fan Blue Banner Red is by dit plan belutsen. "Wij zitten helemaal niet in de culturele markt, maar hebben van deze beperking een kans gemaakt", sa fertelt hy. Hy is derfan oertsjûge dat der wer reuring yn it gebou komt, as kulturele makkers en organisaasjes foar in net al te hege priis hjir terjochte kinne. Dat is harren doel: de kosten wolle se dekke mei de bou fan apparteminten en de ferhier fan ateliers dy't yn in part fan de grutte seal makke wurde.

"Snoepje van een gebouw"

Neffens Schot wie Sealen Schaaf eartiids, sa't hy it neamt "een snoepje van een gebouw". En dat wolle se wer yn eare herstelle. "Vanwege het geluid is er een stalen dak overheen geplaatst. Hieronder zitten prachtige gietijzeren gewelven verborgen. Ook binnen zijn er mooie elementen van vroeger verstopt zoals de gietijzeren pilaren. We willen dit allemaal weer zichtbaar maken en het weer een snoepje van een gebouw maken."
It is neffens Schot in prachtich gebou en gebiet, mar it hat ek grutte beheinings. "Voor grote theatervoorstellingen hebben we De Harmonie en voor muziek hebben we Neushoorn, dus hier zouden we ons niet op moeten richten. Bovendien, waar moet je je auto parkeren?" Dochs jout de seal yn it plan noch hieltyd plak oan sa'n 500 man publyk. "Hier kan van alles plaatsvinden: lezingen, theater, tentamens van studenten, noem het maar op."

Under de yndruk

Schot wie ûnder de yndruk fan de kulturele ynfolling fan de oare twa plannen. De iene hjit Agora. De inisjatyfnimmers wolle fan Sealen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje, in brede ynfolling dus.
It oare plan is fan Bobby Veenstra fan BHE Music Group yn gearwurking mei filmprodusint Steven de Jong. Veenstra is op it stuit de tydlike eksploitant mei muzykproduksjes oant de simmerfakânsje. Yn it nije plan moat romte bliuwe foar muzyk, mar is it ek de bedoeling dat de seal brûkt wurde sil foar langrinnende musical- en teäterproduksjes. Sa leit der in plan foar in musical oer it libben fan Mata Hari. Ek soene der in muzykskoalle en opname- en filmstudio's yn komme moatte.

Goede oanpak wichtich

Mar neffens Erik Schot is in goede oanpak fan de ferbou en finansiering fan grut belang foar de takomstbestindichheid fan al dizze moaie plannen. En dat is krekt wêrom't de sjuery Schot en syn kollega's it heechste sifer jouwe fan de trije plannen. "Mochten we de prijsvraag winnen zou het mooi zijn dat misschien elementen uit de andere plannen invulling aan het nieuwe Zalen Schaaf kunnen geven."