FrieslandCampina makket trijekwart minder winst as jier lyn

De winst fan suvelkonsern FrieslandCampina is it ôfrûne jier bot weromrûn troch de coronakrisis. It bedriuw hat ek in soad kosten makke fanwege in reorganisaasje. Ferline jier makke FrieslandCampina bekend dat der 1000 banen skrast wurde sille om de kosten fan it bedriuw werom te bringen.
FrieslandCampina makket trijekwart minder winst as jier lyn
It bedriuw hold 79 miljoen euro oer, dat is hast 72 prosint minder as in jier lyn. Mar nei ferplichtings bliuwt dêr neat fan oer en dûkt it bedriuw de reade sifers yn. Neffens topman Hein Schumacher hat dat as gefolch dat it bedriuw net mear, sa as oars, in neibetelling dwaan kin oan oansletten melkfeehâlders. Der wurde ek gjin lede-obligaasjes útjûn. "Een enorme domper voor onze leden", seit Schumacher.
De jierlikse neibetelling wurdt wol sjoen as in ekstra stikje stipe foar de boeren. Ferline jier krigen melkfeehâlders 1,38 euro foar elke 100 kilo molke dy't se levere hiene. Foar de gemiddelde boer betsjutte dat in stikje ekstra ynkommen fan sa'n 10.000 euro.
FrieslandCampina © Omrop Fryslân, Joris Kalma
FrieslandCampina hold de omset mei mear as 11 miljard euro wol aardich op peil, ûnder oare troch folle mear online ferkeap. Dêr stie it fuortfallen fan lukrative leveringen oan hoareka en caterers tsjinoer. Direkt nei it útbrekken fan de pandemy gongen de prizen fan molke en suvel boppedat hurd omleech. En it bedriuw hie lêst fan in sluting fan de grins tusken Sina en Hongkong.

1.000 banen fuort

De ûndernimming kundige yn novimber al oan om sa'n tûzen banen te skrassen. Dat wiene besparringsmaatregels dy't se oars yn de kommende jierren trochfierd hienen, mar fanwege de krisis earder yn gong set binne. Benammen yn Nederlân, België en Dútslân falle banen fuort.