Krige Aldgillis net genôch jenever? Grêfstiennen âlde Fryske kening ferpleatst

Waard Aldgillis ûnrêstich yn syn grêf of leinen de stiennen gewoan yn it paad? It monumint foar de Fryske kening út de sânde iuw stiet by Starum, mar sûnt dit wykein binne guon stiennen fan it plak en is in ynformaasjebuordsje fuort. Studinteferiening Aldgillis sit mei fragen.
De stiennen fan it grêf fan Aldgillis binne ferpleatst © Stavers Krantsie
De Fryske studinteferiening út Delft hat it grêfmonumint 'adoptearre'. Alle jierren hâldt de feriening in seremoanje by it grêf troch der in stien by te lizzen. Sadwaande wurdt de bulte ek almar grutter.
"Der hat wolris faker wat mei it grêf west", seit Sieger Falkena fan de feriening. "Se lizze ek op de grûn fan in oar. De stiennen sille no wol yn it paad lein ha."
Der is al tweintich jier gjin jenever oerhinne gong, dus miskien is er wol ûnrêstich wurden.
Sieger Falkena fan studinteferiening Aldgillis
Dat is de logyske ferklearring, mar der is ek noch in alternative teory, leit Falkena út. "As feriening ha we dus de tradysje om der alle jierren in stien by te lizzen en dêr jenever oerhinne te smiten. Dat hat in reden, neffens de leginde, want dan hâldt Aldgillis him rêstich. Mar no is der al tweintich jier gjin jenever oerhinne gong, dus miskien is er wol ûnrêstich wurden. Salang't we net witte wa't it dien hat, kin dat it ek wêze."
"Hjir leit er, neat seit er" © Stavers Krantsie
Feit is dat der allegear stiennen op in oar plak lizze en dus moat de feriening miskien ek wol in nij plak fine foar de kening. It is mar de fraach trouwens wêr't de kening echt begroeven leit. "Ik wie der net by doe't it barde", seit Falkena drûch. "Yn teory is dit ek in symboalysk grêf. Ik ha wolris lêzen dat er earder yn de regio Utrecht leit. We prate oer de sânde iuw, dus dat is ek al in moai skoft lyn."
Wêr't it nije plak komt, is noch even de fraach. "As feriening hechtsje we foaral wearde oan de tradysje dy't deroan fêst sit. Dus stiennen út de seedyk helje, sûnder help. Dêr de jierdei fan de feriening opskriuwe en se der dan by lizze. We fine it moaist as gjinien der lêst fan hat. As we in oar plak fine kinne, mei in moai boerd derby, dan wurdt it wol in moai plaatsje. Neffens de leginde leit Aldgillis by de fjoertoer fan Starum, dus dat soe wol it moaist wêze."