RIVM-sifers: 140 nije coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM meldt moandei 140 nije coronabesmettings yn Fryslân. Dat binne 31 minder as snein. Doe wiene it 171. It tal nije besmettings fan moandei is leger as it gemiddelde fan de ôfrûne wike, dat leit op 174.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeente Ljouwert, hjir kamen 24 besmettingen oan it ljocht. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 21.
Der binne yn de ôfrûne dei gjin Friezen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus.
Yn deselde perioade is der ien Fries yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus, dizze persoan komt út de gemeente Waadhoeke.

Lanlike sifers

Lanlik binne 3826 nije coronabesmettings meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.