Persoan slim ferwûne by ferkearsûngelok op Skylge
Oan de Boargemaster van Heusdenwei yn West-Skylge hat sneintejûn om 19.00 oere hinne in slim ûngelok west. Dêrby binne in auto en in fytser belutsen. De fytser is hjirby slim ferwûne rekke en is oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje is te plak en docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.