Lytse ierdbeving by Muntsjesyl: 1,3 op skaal fan Richter

It KNMI hat sneintemiddei om 15.18 oere in lytse ierdbeving metten by Muntsjesyl. De ierdbeving wie 1,3 op de skaal fan Richter.
© Shutterstock
In beving tusken de 1,0 en 1,9 op de skaal fan Richter wurdt gewoanwei net field troch de minske en feroarsaket gjin skea. De ierdbeving wie neffens it KNMI op in djipte fan trije kilometer.