Koarte felle brân yn leechsteand gebou oan Johan Wagenaarstrjitte yn Ljouwert
Yn in leechsteand gebou oan de Johan Wagenaarstrjitte yn Ljouwert hat sneintejûn in koarte felle brân west. De brânwacht skaalde op nei 'middelbrân' fanwegen de grutte en om't der in tankstasjon neist it gebou stiet.
De brânwacht hie de brân relatyf gau ûnder kontrôle.