RIVM: 171 nije coronabesmettingen yn Fryslân, trije stjergefallen

It RIVM meldt snein 171 nije coronabesmettings yn Fryslân. Dat binne der sân mear as sneon. Doe wiene it 164. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed 183 besmettings deis bykaam.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeenten Ljouwert (47), Súdwest-Fryslân (29), De Fryske Marren (19) en Smellingerlân (14).
Der binne trije Friezen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus, yn Weststellingwerf (2) en yn Súdwest-Fryslân.
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren trije Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus, minsken út de gemeenten Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Noardeast-Fryslân.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4.729 nije coronabesmettings meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):