Monique Zwamborn ferlear har heit oan corona wylst se sels yn it sikehûs lei

It coronafirus kin somtiden hurd taslaan. Dat oerkaam ek ûndernimster Monique Zwamborn fan Ljouwert. Sy en har heit krigen corona en rekken beiden yn it sikehûs. Wylst Monique oan de beäzeming lei, ferstoar har heit. Se hat him nea wer sjoen en syn ôfskied ek net meimakke. Undertusken bliuwt se mar siik. Tel dêrby op dat har linzjerysaak al moannen ticht is en de ramp liket net mear te oersjen. Dochs hâldt Monique hoop en besiket se posityf te bliuwen.
Undernimster mei corona
Mids jannewaris slacht it needlot ta. Monique giet mei har heit mei nei it sikehûs. In wike letter krijt hy corona. In dei letter Monique sels ek. Se wurde beiden hiel siik. Monique rekket mei sykhelproblemen yn it sikehûs.
Dyselde dei, freed 15 jannewaris, stjert har heit oan de gefolgen fan it firus. De moandei dêrop wurdt er kremearre. Monique is te siik om by it ôfskied te wêzen. In traumatysk barren, want se kin gjin ôfskied nimme. "Dat is verschrikkelijk, ik kan het nog niet verwerken. Het rouwproces moet nog komen."
In wike letter komt se thús, mar se knapt net op. Trije prednisonkueren, antibioatika en acht wiken fierder himet se noch altyd en moat se noch in protte rêste.
Monique oer corona en de desastreuze gefolgen

"Mijn leven staat stil"

Yntusken rinne ek de saaklike soargen op. Monique har linzjerysaak yn de Sint Jacobsstrjitte yn Ljouwert is al moannen ticht en om't se noch sa siik is, slagget it net om online saken te regeljen. En dat wylst se ferhúzje sil nei de Lytse Tsjerkestrjitte.
Hoe't dat komt, wit se noch net. "Ik ben dertig jaar ondernemer, mijn kapitaal hangt hier. Ik leef nu van een uitkering, rekeningen blijven onbetaald, maar ik hoop dat er steun komt. Mijn leven staat stil."
De ûndernimster besiket de moed deryn te hâlden, hoe dreech oft dat ek is. De hûnderten kaarten, sterktewinsken en leave berjochtsjes hawwe har goed dien. Dat sterkt har yn de wil om fierder te gean. "Ik ga naar de Kleine Kerkstraat en daar ga ik knallen. Maar ik moet nog even herstellen."
Monique Zwamborn

Donearaksje

Yntusken is der in donearaksje foar Monique op tou set.