Aris ferliest foar sechde kear op rige, ditkear is Weert te sterk

De basketballers fan Aris ha sneontejûn foar de sechde kear op rige ferlern. Nei ferliespartijen tsjin Apollo, Donar, Landstede, Yoast United en Leiden, wie no Weert te sterk: 81-58.
© Aris Ljouwert
Aris stiet nei acht wedstriden op in teloarstellend njoggende plak yn de Dutch Basketbal League. De Ljouwerters hellen oant no ta fjouwer punten, like folle as tsjinstander Weert. De Limboargers spilen wol in wedstriid minder.
Tsjin Weert moasten de Ljouwerters foaral yn efterfolging. De Limboargers namen al betiid de foarsprong en joegen dy yn it earste kwart net mear fuort: 19-9. Aris bakte der yn it twadde kwart net folle mear fan en gie mei in 40-26 stân it skoft yn.
Yn it tredde en fjirde kwart slagge Aris der ek net mear yn om it ferskil werom te bringen en de Ljouwerters giene úteinlik dus mei 81-58 ûnderút.

Kampioenspûl fier fuort

De Ljouwerters bliuwe troch it ferlies op it njoggende plak stean. Om mei te dwaan yn de kampioenspûl moat Aris by de earste seis einigje, mar dat sjocht de klup al net mear barren.