VC Snits troch nei kampioenspûl nei winst op Papendal

De follybalsters fan VC Snits ha sneontemiddei Talentteam Papendal ferslein. Yn eigen hûs waard de lêste wedstriid fan de kompetysje mei 3-2 wûn. Mei de oerwinning binne de Snitsers wis fan dielname oan de kampioenspûl.
Der stie in soad op it spul foar de Snitsers; Se moasten by de earste fjouwer einigje om troch te meien nei de kampioenspûl. Foar de wedstriid stie Snits op in tredde plak mei mar ien puntsje foarsprong op de nûmer fiif.
Tsjinstanner Talentteam Papendal, nûmer 6 fan de kompetysje, brocht VC Snits yn de earst set net folle swierrichheden. It waard 25-17. Yn de twadde set wie it in stik spannender. Beide teams giene lykop en de besikers wûnen úteinlik mei 27-29.

Spannende sets

De Snitsers lieten it der net by sitte yn de tredde set en kamen gau op foarsprong. De set waard mei 25-13 oertsjûgjend binnen helle. De Snitsers liken it yn de fjirde set lykwols wer wat kwyt te wêzen en giene mei 25-18 ûnderút.
Yn de beslissende fiifde set holden de ploegen it opnij spannend en it ferskil waard lang net grutter as ien as twa punten. Pas op 12-12 rûn Snits wat út en waard ek fuort de winst pakt: 15-12.

Snits troch nei kampioenspûl

Nûmer fiif fan de kompetysje Zwolle spile earder sneon al tsjin VCN. Sy wûnen mei 3-1 en komme dêrmei op like folle punten as Snits, mar de Snitsers ha in better setsaldo. De Fryske follybalsters binne sa dus al wis fan in plakje yn de kampioenspûl.