Fyftich besmettingen by wurknimmers Caparis, riedsel wêr't it wei komt

Der wurde hieltyd mear coronabesmettings fêststeld by Caparis yn Ljouwert. Twa wiken lyn waard de ferpakkingsôfdieling al sletten om't alve meiwurkers it firus hiene. No stiet de teller al op sa'n fyftich wurknimmers.
50 besmettings by Caparis
It is foar it bedriuw in riedsel hoe't de minsken de besmettingen oprûn ha, want de ôfdieling is noch altyd ticht en de wurknimmers sitte thús. "We hâlde ús oan de RIVM-regels. We hâlde ôfstân, we brûke mûlkapkes. Dat hat de GGD ek fêststeld. Dat it dan dochs gebeurt is foar ús in befêstiging dat it echt in hiel besmetlik firus is", seit direkteur Alex Bonnema.
Caparis kin it fuortfallen fan de minsken wol reedlik opfange yn it bedriuw. "En myn klanten hawwe alle begryp dat dit gebeurt. Je moatte se allinnich wol op de hichte hâlde fan wat der geande is", fertelt Bonnema.
Dochs hopet de direkteur wol út te finen hoe't it no kin dat de wurknimmers noch altyd besmet reitsje. "Mei alles wat we dien ha wie dit it maksimale. Ik hâld it op pech. As ien it antwurd hat fan hoe't dit kommen is, dan mei dy persoan my fan 'e jûn noch belje."