Súdwest-Fryslân follet coronafûns mei nochris 1,8 miljoen euro oan

Súdwest-Fryslân hat ek dit jier 1,8 miljoen euro beskikber om maatskiplike ynstellings yn de gemeente te kompensearjen foar coronaskea. Mei dit coronafûns wol de gemeente foarkomme dat kulturele ynstellings, sportklups en doarpshûzen kopke ûnder gean.
Gemeenteloket it Súdwesthûs yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn 2020 stelde Súdwest-Fryslân ek al in gemeentlik coronaskeafûns yn, mei ek 1,8 miljoen euro. "Dat bedrag lijkt voldoende. Ongeveer een derde is nu uitgegeven, hoewel er nog wel een aantal aanvragen loopt", seit wethâlder Mirjam Bakker. Minsken kinne oant 1 july fan dit jier stipe oanfreegje foar 2020.
Foar 2021 is de ferwachting dat de gemeente mear oanfragen krijt en hegere bedraggen útkeart. "Want veel clubs en instellingen, die vorig jaar nog wat vet op de botten hadden, zijn nu echt door hun reserves heen zijn", seit Bakker. As in oanfraach binne betingsten ferbûn. Sa moat in oanfreger oantoane dat hy ferlies makke hat en dat de eigen reserves dat net opfange kinne.

Pachters

Nij is dat it coronafûns ek iepen stiet foar pachters dy't ferbûn binne oan in maatskiplike ynstelling. Yn Súdwest-Fryslân giet it om pachters fan yn totaal sa'n 25 multyfunksjonele sintra, doarpshûzen, wykgebouwen en sportkantines. Sy kinne foar sawol 2020 as 2021 in berop dwaan op it fûns.
"De landelijke steunregelingen voor deze groep zijn beperkt", seit Bakker. "Terwijl juist de pachter het visitekaartje, de spin in het web is van zijn gebouw of sportkantine."
Neist útkearings út it coronafûns jout Súdwest-Fryslân koartings oan bûtensportferienings dy't akkommodaasjes fan de gemeente hiere. Dit hâldt yn dat dizze sportklups gjin hier hoege te beteljen oer it fjirde kwartaal fan 2020. Earder wie de hier oer de perioade fan 1 maart oant en mei 31 maaie al frijskat.

Kûlant mei subsydzje

Fierder wol de gemeente ek dit jier kûlant omgean mei de subsydzjeregels. Normaal sprutsen moatte organisaasjes en ynstellings dúdlik meitsje dat de aktiviteiten dêr't se subsydzje foar krigen ek útfierd binne. Troch de coronamaatregels is it net eltsenien slagge om de foarnommen aktiviteiten trochgean te litten. Bakker: "Door hier soepel mee om te gaan, en maatwerk te leveren, proberen we financiële problemen bij deze organisaties zo veel mogelijk te voorkomen."