Twizelerheide wol gau dúdlikheid fan gemeente oer takomst doarpshûs

Twizelerheide freget de gemeente Achtkarspelen om dúdlikheid te jaan oer de takomst fan it doarpshûs. En dy dúdlikheid moat der op koarte termyn komme, is it driuwende fersyk fan it bestjoer fan De Jister. Se ha in brief skreaun oan it kolleezje en de ried.
Doarpshûs De Jister yn Twizelerheide © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Yn it doarp binne ferskate ûntwikkelingen oan de gong wat de húsfêsting fan de skoallen, de sport en it doarpshûs oanbelanget. It kolleezje sei ein foarich jier dat se ynvestearje wolle yn in nij ûnderkommen foar de basisskoallen De Reinbôge en It Twaspan. Yn dat gebou moat it pjutteboartersplak It Boartershûske ek komme, is it idee.

Kolleezje: gjin jild en draachflak foar MFA

It kolleezje sei ek dat se prate soene mei it doarpshûs en mei fuotbalferiening VVT oer de takomstplannen. In multyfunksjonele akkommodaasje seach it kolleezje net sitten. "Planologysk is it mooglik, mar it draachflak en de draachkrêft is der net genôch en jild likemin."
De inisjatyfgroep MFA Twijzelerheide wie djip teloarsteld oer it beslút fan boargemaster en wethâlders en begripe it ek net. De groep hâldt fêst oan de komst fan in multyfunksjonele akkommodaasje. Neffens de groep is dit just it goede momint om te ynvestearjen yn de basisfoarsjenningen foar Twizelerheide en Sweagerbosk.