Operaasje Fryske Flagge: Snie- en iisfoto's foelen der goed yn by Karin yn Spanje

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Karin Pasma oer har libben yn Spanje. Se fûn de foto's fan snie en iis yn it heitelân prachtich.
Fryske broekjes yn de Spaanske brâning oan de Costa Blanca © Karin Pasma
Karin Pasma yn Spanje
Karin Pasma wennet mei har man en twa jonge bern yn Calpe oan de Costa Blanca."Wy besleaten in pear jier ferlyn dat we nei Spanje ferhúzje woene, mar it wie nea it goede momint."
Karin har man wurke by in bedriuw op De Jouwer dat spegels ferkocht. Gjin gewoane spegels, mar hiele grutten foar maneezjes en dûnsskoallen. Op in stuit koe it bedriuw yn Spanje mear spegels oan de man bringe. "Dat wie logistyk dreech. It wie makliker om ien yn Spanje te hawwen en wy woene wol. De bern wiene doe noch lyts, dat we tochten: It moat no mar wêze."
Yn it begjin wie it wol spannend, want slagget it allegearre, fertelt Karin. Mar it giet goed. Mei de spegelhannel is it op 't heden net safolle, "mar myn man hat twa rjochterhannen, dat wy hawwe genôch te dwaan hjir."

Folle rêstiger as yn Fryslân

De húshâlding fan Karin Pasma wennet op in rêstich plak, flakby it strân. Folle rêstiger as yn Fryslân, seit Karin. "Oant we in keaphûs fûn hawwe, wenje we yn in twa-ûnder-ien-kap yn in ôfsletten buertsje mei in mienskiplik swimbad. De bern koene mei de lockdown hjir dochs op strjitte boartsje. We hawwe goed kontakt mei de buorlju."
De bern prate thús Frysk en in bytsje Nederlânsk, want in pear buorlju binne Nederlanners. Fierders prate se Ingelsk en ek Falensiaansk. "Doe't se op skoalle sieten, gie it hurd mei de pleatslike taal."

Net ûnwennich

Karin mei man en bern binne net de iennige Friezen yn Calpe. De Fryske hurdfytser Lieuwe Westra wennet der ek. Karin wit fan syn bestean, mar se hat him noch nea sjoen. Unwennich is se net. "Us mem hie der yn it begjin wol muoite mei, mar we byldbelje faak. Spanje is gjin Australië. Hooplik gean de grinzen gau wer iepen nei de corona en kinne we wer besite út Fryslân krije of dêrhinne."
Se hat yn alle gefallen mei in soad wille de foto's fan Fryslân mei snie en iis besjoen, fan noch net sa lang lyn. Doe wie it yn Calpe 19 of 20 graden. In grut ferskil mei Fryslân doe.
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.