Ljouwerter inisjatyfgroep wol skulden opkeapje en kwytskelle litte

De skulden fan Ljouwerter húshâldens moatte opkocht of folslein kwytskolden wurde. Dat fynt de inisjatyfgroep Schuldenvrij Leeuwarden. Se hawwe dêrfoar in oanpak betocht, dy't se yn 'e mande mei de organisaasjes fan it Leeuwarder Armoedepact toetse wolle mei in pilot. De inisjatyfgroep leit it plan foar oan it kolleezje fan Ljouwert.
© Pexels.com
De hieltyd grutter wurdende groep boargers mei skulden giet de trije inisjatyfnimmers efter Schuldenvrij Leeuwarden bot oan it hert. De coronakrisis bringt minsken noch mear yn de skulden.

Effektivere oanpak

Der wurdt al in soad dien om minsken dy't skulden hawwe yn 'e mjitte te kommen, lykas it ferkoartsjen fan de sanearringstiid, mar neffens Schuldenvrij Leeuwarden kin dat better. "We constateren dat er vele miljarden euro's aan kosten gemaakt worden om zo'n 300 miljoen euro aan schulden op te lossen", sizze de inisjatyfnimmers. "We willen met ons burgerinitiatief stimuleren dat er een andere en veel effectievere aanpak komt."
Wichtichste ûnderdiel fan dy oanpak is it folslein kwytskellen fan skulden om foar te kommen dat skuldners lange tiid yn sosjale en finansjele problemen reitsje. Skuldners hoege sa net jierrenlang in ôflossingstrajekt te folgjen en skuldeaskers krije direkt in bedrach en binne ôf fan ynningskosten. By it kwytskellen soe der net sjoen wurde moatte nei de oarsaak fan de skulden, mar by it foarkommen dat de persoan wer yn de skulden bedarret wol.

Skuldefûns

Dêrneist moat der in lokaal skuldefûns komme dat de skulden oernimt en in deal makket mei de skuldeasker oer in skikkingsbedrach. De easker skelt dêrmei it restant fan de skuld kwyt en it fûns nimt it skikkingsbedrach foar syn rekken.
De winst foar de mienskip is neffens Leeuwarden Schuldenvrij dat der besparre wurde kin op de kosten fan skulden en de oanpak derfan. Yn totaal soe it om sa'n 17 miljard euro gean. "We willen met ons initiatief bijdragen aan meer preventie, snellere interventie, kortere lijnen en sterke besparing op de kosten. Maar bovenal willen we bereiken dat mensen met schulden kunnen rekenen op solidaire steun en dat ze weer de regie in eigen hand kunnen nemen."